Image 01

Promoasje CD

De promoasje-cd kaam ta stân  mei troch  in finansjele  bydrage fan:

Douwe Kalma Stifting

Stichting Juckema Siderius fonds

Ottema Kingma Stichting

Pollema Tromp Stichting

CD-hoes: Paulus Folkertsma en syn wenhûs oan de Weaze yn Aldeboarn.

Paulus Folkertsma (1901-1972) hat it grutste part fan syn libben ûnderwizer west yn it Fryske Aldeboarn. As komponist wie hy autodidakt. Hy hat  77 offisjele opusnûmers neilitten; it  werklike oantal komposysjes is mear as hûndert. It  giet dêrby om oargelwurken, lieten, symfoaniske  wurken, kantates, operettes en keamermuzyk foar de ferskillendste      besettingen. Dizze promoasje-cd jout  in yndruk fan syn brede oeuvre.

 

Klik op de titels om it fragmint te hearen.

 

Ut: Wer binn’de fjlden grien

1. Ynlieding

2. Fijân, mei dyn wreed geweld

De Twade  Wrâldkriich  hat op Paulus Folkertsma grutte yndruk makke. In protte fan syn komposysjes jouwe dêr útdrukking oan. De kantate “Wer binn’ de fjilden grien” op. 52 foar koar en orkest datearret út 1949 en is skreaun  op teksten fan de Fryske dichters Douwe Tamminga en Fedde Schurer. Opfallend liket it gemak wêrmei  hy foar dizze besetting skriuwt. It resultaat mei der wêze: yntrigearjende orkestynliedingen, klankfolle  muzyk foar  it koar mei rij rûnstruide, fernimstich skreaune  modulaasjes.

Fijân, mei dyn wreed geweld,

Dy’t ús folk syn frij ûntstelt,

Dy’t ús op ‘e knibbels twingt,

Oeral ûnk en rouwe bringt,

Moatt’ wy bûgje jier op jier

As in willeas offerdier?

No ’t dyn hurd-bespyk’re skoech

Swier ús op ‘e nekke woech,

No ’t ús soannen, nei ferrie

Hongerj’ efter stikeltrie.

Fijân, hoenear giet foarby

Dyn ûndaaib’re hearskippij?

Fijân, no ‘st ús pleatsen baarnst

En ús klokkebrûns teraanst,

Fiedsel foar dyn wreed kanon,

Fjoerslach foar dyn peloton…

Fijân, fijân, yn ús hert

Stiicht de stim fan it ferset!

(tekst: Douwe Tamminga)

Ad hoc orkest û.l.f. Harm Witteveen, Klaske Folmer (deklamaasje)

Fan de cd Paulus Folkertsma, VPRO CD 014, 1992

3. In memoriam Blackhall, Sutton, Emmons (fragment)

Folkertsma’s  djipsinnichste wurk is sûnder mis it strykkwartet út  1943 “In memoriam R.O.Blackhall, A.J.Sutton, K.E.Emmons”, skreaun  ta oantinken oan  trije bemanningsleden fan in Halifax-bommewerper fan de Royal Canadian Air Force dy’t omkamen by in crash op 5 maaie 1943 yn de buert fan Aldeboarn. It is in bysûnder konsentrearre wurk, wêr’t Folkertsma syn hiele  harmoaniske fynsten en kontrapunktiske betûftens yn kombinearre  en tsjinstber makke hat  oan  in oangripende sfearskildering. De ynvinsje allinnich al is unyk. In anapest wêrby’t de thesis hieltyd  in lytse  terts ûnder de arsistoanen leit, is it haadmotyf. Yn ien lange beweging wurdt fia kontrapuntyske yntriges en pregnante harmonijen in spannende klimaks berikt, wêrnei’t de spanning op hiel natuerlike wize weifloeit. It ein wurdt berikt  fia in tige ynventive slotkadens wêryn’t in hieletoanerige foar de ûnderstim in  opfallende rol spilet.

It  Hathor Strykkwartet

Fan de cd Paulus Folkertsma, VPRO CD 014, 1992

Ut Pianosonate op. 57 nr. 2

4. Romance

5. Rondo

Johan Bijhold (piano)

Fan de cd Mimerij, Hecro HRCD030202, 2001

Ut Sonate foar fioele en piane yn d op. 46

6. diel 3

Jan Hulst (fioele), Cees Steinroth (piano)

Fan de cd Paulus Folkertsma, VPRO CD 014, 1992

7. It fanke op ‘e bûthúsbank

8. Sliepsankje

9. Mimerij

10. Advintsliet

It fanke op ‘e bûthúsbank

It fanke op ‘e bûthúsbank

Skylt ierpels, glêde en rûne.

Har tinzen dûnsje as michjes mank

De waarmte fan de jûne

En teist’rje hyltyd wer om him.

As flinters yn ‘e sinne,

It makket bliid, in fine glim

Lûkt oer har antlit hinne.

Hja skylt en draait en draait en skylt.

It protsje wurdt hurd minder,

Sa haw ik gau de ein besyld.

En hoeden skylt hja tinder

En langet sa dy moaie dream

Fan doe en no en letter.

Dan spat de lêste fan it team

Yn ’t rimpeljende wetter.

(Tekst: Aldert Deelstra)

 

Sliepsankje

Jou dy del yn swiete slomme

Leafste fan myn siel en sin.

Lit gjin soarch mear oer dy komme,

Dy’t dyn rêst fersteure kin.

Sliep no sêft en stil en goed.

Jezus hâldt dy yn Syn noed.

Hark, de sang fan ing’leskaren

Driuwt dyn lytse keamer rûn.

Rûzjend lûd fan harp en snaren

Wurdt dy ta in groetnis jûn.

Hannen teare earbiedich gear,

Jezus wekket trou en tear.

Sjoch de sinne yn ’t fersinken,

Dij syn lêste strielen stjoert;

Oer dyn oantlit glide blinken

Fan in boppe-ierdske gloed.

Skaden wanke, need en nacht.

Jezus bliuwt dyn treast en ljacht.

(Tekst: Jan Piebenga)

 

Mimerij

As ‘k sêft de brikken poen

Fan ’t dierber ynstrumint,

Krekt foar my sels fernimber,

Dan leit yn my de soen

Fan ’t simmersk tempramint

En stilte fan septimber.

En fetsj’ ik dan gjin spoen

Fan hiel dit labyrint,

Fan hiel dit grutte wûnder,

As ‘k sêft de brikken poen

Fan ’t dierber ynstrumint

Bin ik der lokkich ûnder.

(Tekst: Geart Jonkman)

 

Advintsliet

Hark, hoe ’t de kleare stimme sprekt

Dy’t troch de tsjusternisse brekt:

Slach op út jimme slomme ’t each,

De Kristus daget fan omheech.

Weits op, do siele wurch en dea,

Besmodz’ en oantaast fan it kwea;

In leaflik ljocht, in nije dei

Nimt al dyn lijen fan dy wei.

(Tekst: Pieter Jelles Troelstra)

Tetsje van der Kooi (sopraan) en Lieven Sienema (piano): 7, 8

Ben Brunt (bas-bariton) en Lieven Sienema (piano): 9

Arjen Veenhuizen (bas-bariton) en Johan Bijhold (piano): 10

Fan de cd Mimerij, Hecro HRCD030202, 2001

 

Ut Mei snare en tonge

11. Wolkom freugde fan ‘e wrâld

12. Bokke bea

13. Jûnbea

 

Wolkom, freugde fan de wrâld

Wolkom, freugde fan de wrâld,

Haadljocht oer de stjerren,

Grien- en plant- en blommefâd,

Mjitter fan ús jierren.

Himeleach dy ’t ál oersjocht,

Dy’t ús dau en mist ûnttsjocht,

Dy’t ús fjild bemielet,

Ja mei goud oerstrielet!

‘k Sjoch de nacht al hast ferflein

Mei syn donkre wjokken.

Alleman dy riist oerein

En begjint syn drokten.

d’Iene ploeget, sieddet, eidt’t,

d’Oare skiep en kij ferweid’t.

Elk is drok oan ‘t reppen

Yn syn deistich skreppen.

Kears en lampe fan ‘e dei,

Ûl’ fijân, iisteier,

Moudestower, droegewei,

Nacht- en froastferjeier,

Ljepper oer it wiet en droech,

Rûnterinder, nimmer sloech,

Oer en let allinne,

Wolkom, wolkom, Sinne!

 

Bokke bea

Bokke bea mei geare hannen:

Leaf fermeitsjen fan myn jeld,

Fan ús doarp en gea en lannen,

Do bist dy’t myn hert m’ ûntstelt.

Leafke, leafke, hert-en sinnetsjeafke,

Raar is’t; ik baarn troch dyn kjeld.

Tsjeafke, dy’t myn boarst tesnien hat

Mei dyn lonkjen as in sneed,

Dy’t myn herte sa ferdien hat,

Dat ik lôgj’ yn baarnend leed.

Leafke, leafke, hert- en sinnetsjeafke,

Wês meilydsum oer myn need.

Sûnder hert is sûnder libben.

‘k Libje lykwols sûnder hert.

’t Fleis fertoarret oan myn ribben,

En doch leitsj’ ik om myn smert.

Leafke, leafke, hert- en sinnetsjeafke,

Jou my wer myn geast en hert.

Nee, leaf, hâld it mar yn dinen,

Slút it feilich op en fêst.

Dan binn’ oer myn kwaal en kwinen,

Hat myn hert fan ’t lijen rêst.

Leafke, leafke, hert- en sinnetsjeafke,

Elts foar d’oar in noflik nêst.“

 

Jûnbea

No’t dizze dei mei oer’ en tiid ferrûn is,

Omdat de sinn’ yn ’t wetterwiid ferdwûn is,

Jou, sliep, ús dat ús rêst, dy’t fan God jûn is,

Fan lêst ûntbûn is.

Kom, swiete sliep, dêr’t d’ eagen ree ta binne.

Lit njoere dreamen net benearj’ ús sinnen;

Lit soarch en eangst ús rêstnocht net oerrinne,

Us free oerwinne.

Kom, swiete sliep, mar wês ús boarch en stipe.

Lit gjin grym nachtspoek by de kiel ús gripe.

Lit net it slyk fan fijâns somp’ ús knipe

Yn ûngrûns stripe.

Haad fan ‘e tsjerke, lit jo ingels blinke

Hâld wacht, dat wy net yn ’t ûnleech sinke.

Lit net de helske wolf jo skiep ferminke,

Untstell’ of krinke.

As wy, troch sliep ferkwikt, o leave Heare,

Us feardich moarn wer ta ús arbeid keare,

Wol dan ús dwaan en litten, Jo ta eare,

Aloan regeare.

 

Yn it oeuvre fan Paulus Folkertsma nimt de kantate Mei snare en tonge in besûnder plak yn. Folkertsma sels neamde dit wurk “it bêste dat ik ea skreaun ha”. It  is dêrom ek hiel spitich dat de bledmuzyk yn de rin fan de jierren ferlern gien is. It iennige dat bewarrre bleaun is, is in  koarpartituer en in kasettebantsje mei in opname fan dit wurk, útfierd troch it Frysk Orkest en koaren út Bolswert, Snits en Grou û.l.f. Bram Feenstra op 27 juny 1966 yn de Martinitsjerke yn Bolswert.

Mei dit materiaal hat Johan Bijhold besocht dit wurk te rekonstruearjen. Hast maat foar maat hat hy it  bantsje ôfspile en dat wat hy hearde oan it  papier taefertroud. Fan it begjin ôf wie it perfoarst net syn bedoeling de oarspronklike ynstrumentaasje oerein te hâlden; út respekt foar de komponist hat  hy Folkertsma’s komposysje bewurke foar koar en strykkwartet. It  op dizze wize  rekonstruearjen fan in komplisearre komposysje is fansels  in muontsewurk en Bijhold hat dêrmei in prestaasje fan formaat levere. Wy binne him dêrfoar dan ek tige      tankber.  Troch syn ynspanningen is it no mooglik kennis te nimmen fan Folkertsma syn opus ultimus.

It Nije Ensemble û.l.f. Hoite Pruiksma

Live-opname fan in konsert op 24 oktober 2009 yn de Grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert.

Ut De Jonkerboer op. 50

14. Io vivat

15. ’t Wie sa stil

16. Altyd bliuwt de leafde

Io vivat!

Io vivat! Io vivat!

Nostrorum sanitas!

Hoc est amoris poculum,

Doloris est antidotum.

Io vivat! Io vivat!

Nostrorum sanitas!

Io vivat! Io vivat!

Nostrorum sanitas!

Nos iungit amicitia

Et vinum praebet gaudia.

Io vivat! Io vivat!

Nostrorum sanitas!

Io vivat! Io vivat!

Nostrorum sanitas!

Iam tota Academia

Nobiscum amet gaudia

Io vivat! Io vivat!

Nostrorum sanitas!

 

‘t Wie sa stil

‘t Wie sa stil hjir op ‘e Wierren.

Trager koe de tiid net gean.

O, de dagen duorren jierren,

Liken soms wol stil te stean.

Einlings, einlings wie ’t krystmoarn,

Mar wa’t kaam: net hy, net hy!

En de krysttiid gie foarby.

Hark, dêr blaast Sint Steffens hoarn!

’t Wie sa stil, ik hie it by my,

Aloan, ’t ynlik djip geheim.

‘k Hope, krysttiid dan hat hy my

Fan it grut geheim ûntslein.

Juster briek de Krystdei oan;

Sels yn tsjerke hie ‘k gjin doer

En no is de krysttiid oer.

Hark, dêr blaast Sint Steffens hoarn!

’t Wie sa stil, o net te hurden;

Ienkear mar ha’k him sûnt sjoen;

’t Wie om bûten rie te wurden,

Hie hy my syn ring net jûn.

Alles komt hjoed op my oan:

’t Wide fjild wurdt my t’ ûnrom

Leafste, leafste, kom o kom!

Hark, dêr blaast Sint Steffens hoarn!

 

Altyd bliuwt de leafde

Altyd bliuwt de leafde,

Altyd bliuwt de trou

Tusken alderleafsten

En tusken man en frou.

Sa lang as de wrâld noch stiet

Minskeslachte oer d’ ierde giet.

Sinne oan de himel tsjocht,

Fûgel fljocht,

Dauwe falt,

Brâning wâlt.

Sa lang gers groeit,

Beam bloeit,

Hoanne kraait,

Salang as de wyn fan de wolkens waait:

Salang sil dy leafde bestean!

De Jonkerboer is in opera yn 2 bedriuwen, skreaun  yn 1944. De tekstdichter dr. Ype Poortinga basearre syn libretto op in ferhaal út de Rimen en Teltsjes fan de 19e ieuske Grouster skriuwer dr. Eeltsje Halbertsma. Folkertsma hat dit wurk skreaun foar  in grutte besetting mei solisten, koar en orkest. De bewurking op dizze cd is makke troch Johan Bijhold.

It Nije Ensemble û l.f. Hoite Pruiksma

Live-opname fan in  konsert op 28 september 2008 yn de Sint Piter tsjerke te Grou.