Image 01

Biografy

Paulus Folkertsma waard berne  op 15 jannewaris 1901 yn Wommels. Yn 1906 ferhuze hy mei syn âlders nei  Berltsum, wêr’t hy syn  earste fioelelessen krige fan de pleatslike ûnderwizer. Mei14-jier gie Paulus Folkertsma nei  de Rykskweekskoalle foar ûnderwizers yn Maastricht.
Fan dat stuit ôf  krige de muzyk in hieltyd gruttere betsjutting yn syn libben en skreau  hy syn earste komposysjes. Hy sluet syn studzje ôf mei it  heljen fan de ûnderwizersakte.
Nei tiydlike oanstellingen yn Ljouwert en Sondel waard hy beneamd oan de ipenbiere legere skoalle fan Aldeboarn, wêr’t hy mear as 40 jier as ûnderwizer wurksum  bleaun is.

Yn 1956 troude hy mei de Weense Helga Khek; se krigen 4 bern. Paulus Folkertsma is op 4 maaie 1972 yn Aldeboarn ferstoarn.

As komponist wie Paulus Folkertsma autodidakt.
In autodidakt, dy’t  de keunst fan it  komponearjen, dreaun troch in grutte wittenskiplike belangstelling, grut enthousiasme en in natuerlike oanlis, mei izeren wil bemachtige.

Sûnt  Jaques Vredeman is Paulus Folkertsma sûnder mis de belangrykste komponist dy’t Fryslân fuortbrocht hat.
Paulus Folkertsma hat 77 offisjele opusnûmers neilitten, it werklike oantal is mear as hûndert.
It  giet dêrby om oargelwurken, lieten, wurken foar symfony-orkest, kantates, operettes en keamermuzyk foar de meast útienrinnende besettingen.
It  is net ienfâldich Folkertsma’s styl te beskriuwen. Modern is syn  muzyktaal alderminst. Hy wist dat sels ek  hiel goed. Yn in tankwurd, dat troch him útsprutsen is yn 1971, nei in konsert ta gelegenheid fan syn 70e jierdei, lei Paulus Folkertsma de klam der op dat hy, nettsjinsteande de grutte ûntwikkeling dy’t de muzyk yn de 20e ieu trochmakke hat,  romantikus pur sang bleaun wie.
Hy woe  dêr mei oanjaan, dat hy troch J.S.Bach en de Weense klassiken beynfloede is en dat  de muzyktaal fan de impressionisten en letteren oan him foarby gien is.
Syn  wurk tsjûget fan in ynerlike spanning en emoasjonaliteit, dy’t hy yn syn muzyk “ûnder behearsking” bringe woe.
Dat hy sterk yn de tradysje woartelt wol likegoed net sizze dat syn wurk net wat  eigens ynhâldt, yn syn  lieten binne passaazjes te finen, dy’t ta it meast besiele rekkene wurde kinne, dat ea op in Fryske tekst komponearre is.

 

Klik HJIR foar in fideo oer Paulus Folkertsma