Yntroduksje
Fan 1901 oant 1972 libbe yn Fryslân Paulus Folkertsma. Hy wie ûnderwizer oan de legere skoalle yn Aldeboarn, bestjoerslid fan ferskillende maatskiplike en tsjerklike organisaasjes, mar foaral wie hy komponist. Mei troch de grutte beskiedenheid fan Folkertsma is yn Fryslân, mar grif ek dêrbûten, te min bekend oer dizze markante musikus.
Wy hoopje troch dizze webside in bydrage te leveren oan de neitins fan dizze komponist en oan it fergrutsjen fan de bekendheid fan en dêrút fuortfloeiend de wurdearring foar syn wurk.
Fragen, oanfollingen en kommentaar op dizze website binne wolkom. Musisi dy’t belangstelling hawwe foar de neamde wurken, wurde útnoege om kontakt op te nimmen met de Paulus Folkertsma Stichting.
Ek yn 2021 betsjutte de oanhâldende coronapandemy dat der net folle mooglik wie om kulturele aktiviteiten te organisearjen.
Wy hoopje dat der yn it kommende jier mear mooglik is. It jier 2022 is ek in bysûnder jier, it is 50 jier lyn dat Paulus Folkertsma ferstoarn is. As bestjoer fan de stifting binne wy no oan it neitinken hoe’t wy dêr omtinken oan jaan kinne.
Dat jier wolle wy net ûngemurken foarby gean litte!
Nei it Nijsargyf.